header2.jpg

Us doarpsside www.rottevalle.com

DSC 0059

Us doarpsside wurdt gauris opsocht. Meinamme de agenda is in folle lêzen rubryk.
Wy fine dat dizze rubryk ien fan de folle betingsten is fan in doarpsside.
Mar wy ha yn ús doarp fansels folle mear te bieden. Wy wolle graach in yntermediair wêze: ús doarpsgenoaten op ferskate terreinen kennis jaan fan wat der omgiet en libbet. Oant ferline jier ta stie by myn holle ûnderoan de home-side it fersyk oan alle ynstellings, ferienings en sa it minlike fersyk wat ris fan har hearre te litten.
Dat slagge net sa bot.
Lokkich ha wy fan ús beide grutte sportferienings no nijs op ús side, mar automatysk is dat net gien. Fan doarpsbelang meie wy gauris wat trochkrije, mar de redakteuren fan dizze side Fred Kamp, Alex de Voor en iksels Joop Mast wolle nochris mei klam fertelle dat hja graach de side goed draaiende hâlde wolle, mar dat de ynwenners sels meihelpe moatte nijs, foto’s en sa oan te leverjen.

JoopM

Zoeken