header1.jpg

Jiergearkomste Doarpsbelang

IMG 3776Foarsitter Rinse Bargerbos koe tongersdeijûn 14 maart in moaie seal mei leden ferwolkomje yn ït Werflân".
Nei de wenstige wurklistpunten fan ferslach fan de foarrige jiergearkomste en it jierferslach koe de seal siktaresse Aly de Boer mei applaus oanjaan dat hja goed dwaande west hie yn har ferslachjouwing. 
Piet van Kammen ferfong dizze jûn de skathâlder -dy 't troch famyljeomstannichheden behindere wie - om tekst en útlis oer de jildsaken te dwaan. Dizze finânsjele profesjonal hie dêr alhiel gjin muoite mei. Sawol de jildsaken fan doarpsbelang as dy fan it hertenkamp koene it fiat fan kaskommisje en de leden krije.

Op dizze jûn is it ek wenst dat de ferskillende wurkgoepen ferslach dogge fan harren dwaan en litten. Lieuwe Booi fertelde alle innen en oanen fan it hertenkamp.
By ‘t ferslach fan de redaksje fan ‘ t Slûske kamen in pear fragen op ‘ t âljemint: hokker kritearia binne der foar de oanlevere artikels en hokker foar de adfertinsjes.  Ek by de webside fan rottevalle.com kaam op it sté fan adfertinsjes in soartgelikense kwestje nei foaren. It bestjoer sei ta dizze kwestjes mei de beide redaksjes te besprekken. De redendat de doarpsside al in skoftsje út’e loft is waard ek ferdúdlike. De redaksje is drok oan’e gong dat probleem út ‘ e wei te romjen.
As nije bestjoersleden foar de net wer beneambere foarsitter Rinse Bargerbos en bestjoerslid Welmoed Ybema waarden Marije Brouwer en Gooike de Vries beneamd by inkelde kandidaatsstelling.

Nei 't skoft fertelde Sieger Visser - ûnderstrepe mei dia 's - oer de skiednis fan de mûnen en yn 't bysûnder oer dy fan  de Rottefalle fan eartiids op 't Mûnein. In kommisje hâldt him dwaande mei in eventuele werbou fan sa 'n mûne. (JM)

 

Zoeken