header1.jpg

Rottefalle yn swart-wyt

film rottefale

Op 'e ynformaasjejûn (12 febrewaris) oer it nij oan te lizzen krúspunt Houtigehage en de Heidbuorren  troch de provinsje, hearde ik fan Atze Bron dat der in film op Youtube stiet oer de Rottefalle fan wol sa 'n 50 jier ferlyn. Men sjocht dêr û.o. bylden fan de beide beukerskoallen, de kristlike legere skoalle oan de Fâldenswei en de iepenbiere skoalle oan de Buorren,  it âlde doarpshûs en men gie yn 'e film hast hûs oan hûs ús doarp troch.  De swart-wyt film  is converteart nei mp4 formaat  en stiet al sûnt september 2018 op youtube.
Belangstellenden kinne dizze link iepenje: https://youtu.be/yebjq5t0mrw
Wa wit faaks hokker famke op 'e foto hjirnjonken te sjen is.(JM)

Zoeken