header2.jpg

Jeu de boulesklup " de Werflanners"

 DSC5421De Werflanners binne in ploechje bjusterbaarlikense jeu de boulers. We spylje mei nocht en wille: meidwaan stiet heger yn ' t findel as it skoaren. It soasjaal wêzen en freonskip is earder de bining as it fakkundich goaien fan de ballen. 
Wis wy binne fûl op it spultsje en it winnen is ek tige wichtich en útdaagjend. Mar harmoniearje, romte jaan en krije smakket nei mear en docht eare en deugd. 

De Werflanners spylje faak op woansdeimiddei om 13.30 oere winterdeis, en om 18.30 oere by 't simmer. 

Nije leden binne tige wolkom. Oant no ta is de kontribúsje fergees. De ponghâlder fynt salang as ' t kin moat dat sa bliuwe. Donaasjes binne altiten wolkom!
Jo kinne jo altiten oanmelde by Sieger Visser, tel. 0512-341741 of bûstelefoan 06-22738488. Mar kom oars marris foar in praatsje op' e Kompagnonswei 8. Of noch folle better kom ris lâns en sjoch marris by ús by't Werflân.

Der kinne mear groepkes gearstald wurde en profesjonele ynstruksjes binne beskiber troch ûs trainer Sipke Lindeboom. Wy sykje ek graach frouljus ploechjes. 
Der binne noch genôch tiden beskiber om op in frije baan te spyljen.
Ferline wike in der in nij skoareboerd yn gebrûk nommen, dat troch Lieuwe Booi makke is. Op ' e foto's Gerrit Lieuwes, Jan de Meer, Lieuwe Booi en Sieger Visser.(f.r.n.l)

Groetnis: Sieger Visser. (sjoch hjir de foto' s)

Zoeken