header4.jpg

Folle bak mei Senioaren Orkest en Breteler

 DSC5456De Kulturele Kommisje Rottefalle hie freedtejûn 14 des. 2018 in folle bak mei de komst fan it  Frysk Harmonie Orkest  H2002 en Gerrit Breteler  op har krystkonsert yn it Werflân.  It orkest stiet ek wol bekind ûnder de namme fan senioaren- orkest. We seagen ek guon bekinde nammen yn dit fermidden: Gerrit Lieuwes, (juffer) Japke Kroese en (juffer) Marieke Lipjes. 
De kaartferkeap yn 't foar wie al in wike fan te foaren stop setten: de kaartsjes wiene útferkocht. Dat kaam mei om 't it orkest sels ek al mei dik 50 man de seal besette. 
Lykas wenst praatte Marjan Lieuwes de ferskillende nûmers oan elkoar.  It orkest spile sawol foar as nei't skoft in 10-tal nûmers en Gerrit Breteler brocht mei syn pianist Peter van der Zwaag en dizze jûn mei ús doarpsgenoate Andrea Meijer op cello ek in oantal nûmers.

Foarsitster Epke Veenstra koe oan 'e ein fan 'e jûn it senioarenorkest en Breteler dan ek tige betankje foar harren ynbring en liet dat begeliede mei it oanbieden fan blommen troch Geartsje de Meer. (JM)

Voor foto's:

Zoeken