header2.jpg

Top-subsydzje provinsje Frylân foar 't doarpshûs yn 't MFS

multifunctioneelcentrumOfrûne saterdei krige ús sekretaresse Hennie Meppelink fan de provinsje Fryslân it skriuwen dêr 't wy mei grutte langst nei útseagen: ús fersyk om in bydrage yn de bouwerij fan in doarpshûs yn it MFS, dat op basis fan de C2C filosofy stâl krije moat, wurdt honorearre mei in bedrach fan €200.000. Normaliter subsidearret de provinsje in doarpshûs mei € 50.000. Yn ús gefal jout hja ek nochris € 50.000 as oanfullende subsydzje foar de maatregels dy 't wy troffen ha om duorsum te bouwen, en men wykt boppedat noch fan de persintaazjes ôf "omdat het project in hoge mate bijdraagt aan de doorstellingen van het beleid en door de C2C bouwwijze een voorbeeldfunctie heeft": €200.000.

Wy binne ferskuorrende blij, dat ús krewearjen troch de provinsje sa wurdearre is. Us stribjen - ek tidens de boutarieding - it uterste te berikken fan ús fyzje op 'e takomst hat hjirmei in geweldige set krigen.

Joop Mast

Zoeken