Het vergeten meisje

Hendrikje van Assen heette ze, Hennie. Ze stierf op 24 augustus 1944 bij de beschieting van het Drachtster tramstation door een Engels vliegtuig.
Als slachtoffer van oorlogsgeweld had haar naam vermeld moeten worden op het oorlogsmonument in het Van Haersmapark, maar ze staat er niet op. Vergeten, denkt Bocke Dijkstra uit Surhuisterveen.
Dijkstra kwam de naam Hennie van Assen tegen toen hij tien jaar geleden een boek schreef over de oorlog in Achtkarspelen. Ze wordt genoemd op een gedenkplaat die de plaatselijk belangen van Boelenslaan en Houtigehage in 1990 hebben onthuld in de aula van Boelenslaan. De familie Van Assen woonde in de oorlogsjaren aan de Fabryksloane in Houtigehage. Vader Van Assen was afkomstig uit Leeuwarden en werkte in de plaatselijke papierfabriek.

Dijkstra vond tijdens zijn zoektocht nog een naam die nergens wordt genoemd: Gerrit Vlietstra. Hij ligt begraven in Drachtstercompagnie, waar als geboortedatum wordt genoemd de twadde fan de foarmoanne (januari, red.) 1922. Vlietstra is op 6 april 1945 gefusilleerd in Sondel, 23 jaar oud. ,,Hoe en wat, dat wit ik noch net, mar syn namme heart yn feite ek op dat monumint'', zegt Dijkstra. De speurtocht naar Hennie van Assen leverde al heel wat gegevens op.

Hennie ligt begraven in Rottevalle. 'Door het oorlogsgeweld werd van ons weggerukt onze lieve dochter en zuster Hendrikje' zo liet de familie als grafschrift op de steen beitelen. Hennie was pas zeventien jaar oud toen ze werd geraakt. Met haar beide benen afgerukt is ze nog naar het ziekenhuis in Heerenveen gebracht. ,,Dêr is se weirekke. It hat te lang duorre en se hie tefolle bloed ferlern. Heit en mem ha noch by har west'', vertelt haar zus Geertje Ongersma-van Assen (80). In haar flat in Rispinge heeft ze nog altijd een foto van Hennie op de televisie staan.

Het monument in het Van Haersmapark is in 1955 opgericht ter nagedachtenis aan zeventien oorlogsslachtoffers uit de gemeente Smallingerland. Eigenlijk had Hennie daar ook op moeten staan, vindt Ongersma. ,,Dat die ús wol wat, dat sy der net op stie. Ik wit net hoe't dat gien is, mar wy wisten eins nergens fan. Wy tochten net oan Drachten.''

,,Thús waard der noait oer har praat. Heit en mem hienen wol in protte fertriet, mar sy wienen hiel slúten. Myn man en ik ha letter soarge dat har namme op dy tinkplaat kaam is. Wy gienen ek altyd nei de fjouwer maaie betinking yn De Rottefalle. De earste kear leinen se allinnich blommen by de grêven fan de Ingelske piloaten, doe haw ik der wurk fan makke. Dêrnei krige Hennie ek alle kearen blommen. Wy ha letter ek soarge dat de foto op har stien kaam is.'

,,Hennie wie in moai famke. Wy wienen mei inoar mei syn achten as bern, sy wie de fjirde, sy kaam fuort nei my. Sy hie har dy deis krekt besteld by Kanninga, de tassewinkel. Nei de ulo woe se net fierder leare, sy woe jild fertsjinje. Hennie wie kameraatske mei de dochter fan Klaassen, de stasjonssjef. Doe't it fleantúch kaam is elkenien út de wachtkeamer nei de skûlkelder stood, mar blykber is sy wat achterbleaun. Sa jammer. It hie fansels hielendal gjin sin om op dat tramstasjon fan Drachten te sjitten, mar sa geane sokke dingen. Nee, ik ha by heit en mem noait wat fernaam fan wrok of ferwiten tsjinoer de Ingelsken. It wie oarloch en it hie elk oerkomme kind.''

,,It wie in moaie begraffenis, hiel grut. Der wienen in soad minsken en der wie in grut bêd mei blommen. De minsken wienen wol mei ús, dat wie werklik hiel moai. As ik oer har praat en ik sjoch har foto, dan wurd ik noch emoasjoneel. It ôfskie wie sa wreed, sy ferwachte noch safolle fan it libben. Mar it heart by oarloch, dat jout allegear neat. Oarloch is in ferskrikking, dy treft in hiele protte ûnskuldigen. Ik stel it wol op priis dat der no omtinken oan har jûn wurdt, dat der noch minsken achter oan geane. Dat guont har der foar ynsette, dat fyn ik moai. Sy is noch net fergetten.''

Bron: Drachtster Courant, 4 mei 2005