headerRotttevalle

De bern moatte wer boartsje kinne

DSC 0759It klimrek by’t Werflân koe al in skoftsje net mear brûkt wurde. it skoalbestjoer Adenium hie it  brûken ferbean; der wiene û.o plankjes fan it  trepke net al te bêst mear en sa wiene der noch wat mankemintsjes. 

Atze Bron, de foarsitter fan doarpsbelang, fûn dat der sa gau as mooglik wat oan dien wurde moast; de hiele fakânsje mocht der net oerhinne gean dat de bern dêr net op boartsje kinne soene. Hy en Lieuwe Booi kamen mei Ditie Hobma -  de direkteur fan de gearwurkingsskoalle -  oerien, dat sy de saak  op kosten fan  Adenium opknappe soene. 

Saterdei 20 july hawwe de mannen it klimrek yngeand hersteld en no kinne de bern der wer  feilich boartsje.

Geweldich sokke  frijwilligers! (JM)(de foto's fan Hennie M)

Zoeken