headerRotttevalle

Untbleatsjen makette sweltsjes werflân

DSC 0476Freed te jûn 5 july presintearre de keunstwurkgroep Woodlandart har keunstwurk oan de foargevel fan it Werflân.

Grytsje Lieuwes fertelde oer it projekt dat foarrich jier al start wie.  Fan ‘t jier hawwe se dêr in ferfolch oan jûn wer ûnder lieding fan de keunstners Derk den Boer en Fokke Veurman. As thema keazen hja no foar sweltsjes, om ‘t dêr sa ‘n soad enerzjy fan útgiet dêr ‘t it mienskiplik sintrum ek mei besibbe is. Atze Bron, Lieuwe Booi en Paul Merkus ha meiholpen 2 frames te laskjen dêr ‘t de sweltsjes omhinne makke binne.
In grutte groep Rotfalsters wie op de ûntbleating troch Joop Mast – de nestor fan it Werflân neamde Gryt Lieuwes him – takommen. Hy fertelde oer hoe ‘t de swel yn legindes en byleauwen foarkomt as geloksbringer op ‘e boerderijen.
Derk den Boer neamde yn syn petear de grutte mienskipssin fan de wurkgroep en Rennie van Kammen lies it troch harsels makke gedicht foar oer de sweltsjes by 't multyfunksjoneel sintrum. (sjoch it gedicht fan Rennie)
De útnoege Rotfalsters proasten mei in gleske op it ûntbleatsjen en binne grutsk op it prachtige keunstwurk. (JM + sjoch foto's)

Zoeken