tiisdei 12 septimber
It Muldersplein omdoopt ta Rembrandtplein is fol as seremoanjemaster Wopke Hoekstra krekt nei achten de minsken fan herte wolkom hiet op dizze moaie en waarme septimberjûn.
De iepeningshanneling wurdt dien troch Boargemaster Bert Middel tegearre mei de foarsitter fan de feestkommisje Sieger Visser , foar dizze gelegenheid ferklaaid as Rembrandt. In gloednije flagge, spesjaal ûntwurpen en makke foar it doarpsfeest, wurdt troch Boargemaster Middel en Rembrandt yn top heist en dêrmei is it doarpsfeest 2006 offisjeel útein set.
Der steane kreamkes opstelt dêr't in oantal ynwenner fan 'e Rottefalle harren keunst tentoanstelle. De reaksjes binne dan ek al gau; ‘nea witten dat der safolle keunstners yn Rottefalle wenje'. Net allinne dizze keunstners wurde bewûndere, ek is der de ferwûndering oer de prachtige grutte keunstwurken dy't ynlevere binne. De 17 grutte wurken (2 by 3 meter en guon lead swier) steane op bokken lâns de kant opstelt en foarmje sa in prachtich dekor.
In fertsjintwurdiger fan elke buert of feriening fertelt wat oer harren skilderij sadat de kundige sjuery dit meiwage litte kin yn har oardiel. De sjuery hat it dreech want der sitte echt pronkstikjes tusken. De útslach is: 1e priis Master De Vrieswei, 2e priis De Houtkamp en 3e priis Master Kuiperswei. De wurken binne de hiele wike noch te besjen by de feesttinte of yn de buerten sels.
Tusken al dizze geweldige keunstwurken troch wurdt der lústere nei in moai stik muzyk fan de band Challenger.
Under it genot fan in hapke en in drankje op de terrassen fan De Herberg en De Lits wurdt der lang neipraat en litte ferskate ynwenners harren keunsten sjen op it mêd fan de dûns.
In moaie iepening op in moaie soele simmerjûn!!
Ferslach: Aly de Boer.