In fleurige, feestlike oanblik makke it Muldersplein - omdoopt ta it Rembrandtplein – tiisdeijûn 12 septimber. Oan wjerskanten stiene mânske, faak tige kleurige skilderijen (sjoch de foto's fan Lip Astma) fan de ûnderskate buerten, skoallen en sa. It sintsje die ek mei der wat moais fan te meitsjen en om manlju, froulju en bern der tige simmersk útsjen te litten.
Om goed acht minuten oer achten ferwolkomme foarsitter Wopke Hoekstra fan de Feestkommisje de oanw êzigen wêrûnder ús (nije) boargemaster Bert Middel. It is de bedoeling fan de Feestkommisje der tenei in tradysje fan te meitsjen it 3-jierlikse doarpsfeest offisjeel te iepenjen. Boargemaster Middel, dy't fan de foarsitter in feestbutton op spjelde krigen hie, die dat troch ús lok te winskjen mei ús sa moaie doarp en de keunst, dy't minsken sa ferrykje kin en as sintraal tema troch de feestlikheden hinne rint. En dy keunst waard tentoansteld mei dy 17 tige grutte skilderijen. Hy rette de Feestkommisje oan dy foaral net fuort te smiten, om't se letter wolris krekt as Rembrandt syn skilderijen in protte jild wurdich wurde kinne soene.
Nei ‘t iepeningswurd fan de boargemaster waarden Sieger Visser en Alie de Boer – as Rembrandt en Saskia – frege de troch Sieger ûntworpen feestflagge op te hysjen oan de flaggepeal by't poadium. We seagen in grutte reade R, mei in moaie blauwe Lits en it slûske – dat foarhinne foar de herberch oer wie. Hieke Mast waard mei in blomke betanke foar it meitsjen fan dizze flagge.
As de muzykgroep “The Challenger” fan Drachten in earste nûmer spile hat, krije representanten fan de skilderijen de gelegenheid harren skilderij oan de omstanders fierder út te lizzen. Dat nimt in protte tiid in beslach.
Tuskentroch wurde Aukje Schraa en Sijke de Boer yn it sintsje set; hja meitsje dit feest noch ôf en sette der dan nei 7 feesten in punt efter. Wopke fertelt dat hja de earste froulju yn dit (manljus)bestjoer wiene fan 1988 ôf.
De sjuery fan twa skilderessen, frou Hamstra en frou Van der Meer út de Harkema fynt dat fan de hjir tentoanstelde skilderijen de tredde priis fertsjinne is troch de Papegaaienbuert fan de Master Kuiperswei, de twadde priis foar de Houtkamp mei “it skilderij fan de twa kei” (“koeien” sizze se hjir yn de Rottefalle), en de earste priis wie foar de Master Keunstbuert (Master de Vrieswei) mei harren Nachtwacht ferbylding.
Tige fleurich bleau it dy jûns mei it moaie waar, de terraskes en de diskes fan Harm en Jannie Bergsma, Freark Dyk, Antsje Schaap, Klaske Kalsbeek, Wietske de Boer en Tryntsje Snelter.
In moai en gesellich begjin fan it feest mei in goed foarnimmen de kommende feesten tenei offisjeel te iepenjen.
Ferslach: Joop Mast