header6.jpg

JANNES EN JOHANNA HAVEMAN.
("It Slûske, jiergong 1, nû.1)

Yn dizze rubryk wolle wy alle moannen in man of in frou foar it fuotljocht helje, dy't wy útnoegje wat oer har¬ren sels en oer harren bining mei de Rottefalle te fertellen. Nee, it wurdt gjin pommerantenshow, eltsenien dy't wat te sizzen hat, komt yn oanmerking foar dizze rubryk. In tip nei de redaksje en wy lizze kontakt mei dyjinge dy't op de praatstoel komme kin.
Dizze rige wurdt iepene troch in twaspan: Jannes en Johanna Haveman fan it Muldersplein. Hja binne broer en suster en binne beide op itselde stee berne dêr't hja no ek wenje.( Joop Mast:yn it hûs op 't Muldersplein dêr 't Geert en Ymkje no wenje).
Johanna yn 1904, Jannes yn 1907. Fan memmekant kin men ús âld-Rotfalsters neame. Us mem stamt yn de froulike line ôf fan Ritske Harkes, dy't hjir oan de ein fan de santjende ieu feanbaas en boer wie. As bewiis hjirfan djippet Jannes út it boppeste laad fan 'e kast in stambeam op.
By it bewûnderjen fan dit mei de hân skreaune famyljestik wize Johanna en Jannes my op 'e persoan fan Bareld Rienks de Boer. Fan dizze man witte se te fertellen, dat hy fan Eastermar oan't Drachsterkompenije oer syn eigen lân rinne koe. "Ja, letter is dit lân wer ferparte ûnder de neikommelingen, dy't harren hjoed-de-dei û.o. de Boer en Faber neame."

Jacob Jannes Haveman.
Fan de stambeam komt it petear op de dochs net fryske efternamme. "Us heit wie in Drint". Hy is sa oan it ein fan de foarrige ieu nei de Rottefalle tein". Dizze Jacob Jannes Haveman hat fan grutte betsjutting west foar de Rottefalle. Tegearre mei in broer hat hy hjir in bûter fabryk stifte. Dit bûterfabryk stie oan de Brouwers grêft.(der stiet noch in lyts restant by 't hûs dêr 't Hennie Meppelink en Fred Kamp wenje, JM) Dêrnêst stiften se ek in graanmeallerij. Sa kamen hja yn it hert fan it agryske libben, benammen doe't der ek noch in frachtboat oantúgd waard. De bûterfabryk is oan'e ein fan de earste wrâldoarloch lykwideard. Der wie gjin garânsje mear foar in fêste bats molke. "Us heit en ek ús pake wiene koöperatyf fan ynslach. Foar elkoar en meiïenoar wiene wichtige prinsipes. Fan dêr dat de graan- en moalsaak fan Haveman in depot waard fan de CAF. Ek waarden der aaien fan de V.P.N.- boeren by de Havemans brocht.
De âlde Haveman naam in foaroansteand plak yn yn it doarpslibben fan eartiids. Hy wie mei-oprjochter fan it korps "Fleurich Op", de Boerenleenbank, it Griene Krús en de naaiskoalle. Dizze naaiskoalle wie húsfeste yn it âlde Griene-Krúsgebou. "Jo witte wol, der't se no (1981, JM) in aula fan meitsje wolle," ferdúdlikt Johanna. As wy dit rychje nochris neirinne, komt de beskiedenheid fan Johanna en Jannes nei foaren: "Us heit hat it mei oaren dien, hear. It giet net om ús. Mar der wie yn dy tiid noch neat. En ús heit, die dochs wol in protte yn it maatskippelik libben. Hy wie hast gjin jûn thús. Altyd fergaderje".

De Rotfalster boat.
It praat komt no op de fameuze Rottefalster boat, dy't fan 'e Rottefalle nei Ljouwert foer. By't maitiids en simmers twa kear, de rest fan it jier ien kear yn'e wike. Tongersdei te moarns kaam de stoker om de stoomboat op te stoken. It heugt Johanna noch dat de boat yn Hoogezand omboud waard ta in stoomboat. Se wit noch dat se de boat út dat plak weihelle ha en nei de Rotte¬falle fearn binne.
It wie in hiele drokte mei de boat, sa tongersdeis en freeds. Tongersdeis gie er om 9 oere fuort en dan wie er om 12 oere yn Ljouwert. De beurt op freed begûn om healwei fjouweren yn ' e moarntiid. Dan moasten wy sels earst de kij by de boeren weihelje, nei it fallaat bringe en ynskepe foar de feemerk. Wy krigen dan in daalder fracht foar in ko. Minsken dy't mei foeren betellen doe tolve stoeren. It wie yn de 20-er en 30-er jierren de iennichste ferbining mei de stêd."'
Johanna fertelt noch in aardich ferhaal oer in muoike dy't nei Ljouwert nei it sikenhûs moast. Mar it wetter stie yn dy dagen sa heech, dat it skip by it kearen op de wâl rekke. De boat moast werom en muoike moast de oare deis mei it rydtúch nei Ljouwert.
Yn 'e oarloch is de boat troch de Dútskers yn beslach naam. Nei de oarloch hat er noch in skofke fearn. Mar mei it opkommen fan de auto hawwe de Havemans de beurt op Ljouwert fan'e hân dien.

De Jeugdjierren.
Nei de legere skoalle gong Jannes nei de mulo. Hy kaam dêrnei al ridlik gau yn de saak fan syn heit. Nêst it wurk folge er yn de jûnsskoften de Handelskursus by master Homan op de Boppenein yn Drachten.
Yn de frije tiid wiene Johanna en Jannes by de tsjerklike jeugdbeweging. De Rijzende Kerk en de V.C.J.B. "Fyftich jier ferlyn gongen wy al mei de V.C.J.B. te kampearen nei Skiermuontseach en ek wol nei Nunspeet. Wy gongen dan op de fyts. Dat wie yn dy tiid tige modern. De Havemans wiene ek lid fan de J.G.O.B., de Jonglieden Geheel Onthouders Bond. Johanna hat in skofke lyn noch in spjeldsje krigen fan wegen it fyftich jierrich lidmaatskip fan de blauwe beweging. Nêst it lidmaat skip fan de idealistyke jeugdbeweging fermakken se har mei resitearjen, dûnsjen, kuorbaljen en gymnastyk yn ferieningsferbân.
Jannes: "Dochs hiene wy net folle frije tiid. It bedriuw slokte in protte tiid op". Sa moasten se by de streek om wykliks it jild by de klanten op te heljen. Sa krigen de minsken yn Houtigehage yn april keunstmest en poatjirpels fan de Havemans foar sa'n tritich gûne. Johanna helle alle wiken 2 kwartsjes op, sa dat de skuld yn maart betelle wie. "Dy minsken op !e Houtigehage wiene doe sa earm, dat de twa "kwartjes soms net mist wurde koene." Dochs bleaunen de Havemans lever jen, "want de minsken moasten dochs iten ha" wie de sosjale stilregel fan heit Haveman.

Sosiaal - koöperative libbensfyzje.
Wy binne koöperatyf fan ynstelling. Foar elkoar en meielkoar. dat hawwe wy fan ús heit meikrigen. Jannes seit op syn wize: "Ien hân kin him sels net waskje, der is de oar by nedich. Sa is it ek mei de minsken. Minsken hawwe minsken nedich. Wy moatte safolle mooglik meielkoar oparbeidzje. Net fan út eigen hokjes wei operearje."
Dizze mienskipssin hat der û.o. ek ta laadt dat Jannes as tsjerkfâld mei de foarstap naam hat ta it stiftsjen fan it doarpshûs.
Yn 'e oarloch betsjutte it, dat it hûs fan de Havemans iepen stie foar evakuees en in underdûker. Mar ek ús dokter fûn yn '56 by de Havemans syn earste dak yn de Rottefalle boppe de holle.(Hjir wurdt dokter Hans Visser bedoeld, dy 't in dokterspraktyk yn ús doarp begûn, JM )
"Jo moatte it mienskiplike belang stelle boppe it partikuliere belang en ree wêze de mindere man, dy't help nedich hat, te jaan wêr 't er rjucht op hat, nammentlik in stik echte solidariteit. En dan moatte jo net nei de minsken sjen, wat dy der fan sizze. Nee jo moatte jo eigen gong gean, sûnder dat jo jo stân punt oan de grutte klok hingje. De oare minsken fernimme fansels wol wer't jo steane yn it libben."

Ek noch wille oan dizze tiid.
Johanna en Jannes fermeitsje harren bêst yn dizze tiid. Se binne ferknocht oan it stee en it plak der't hja wenje. Dochs binne se net altyd thús te finen. Se meie graach der op út gean. Nei de caravan yn Drinte of by't winter in pear jûnen nei de Lawei en om de fjirtjin dagen hawwe se harren kaartklupke. "Och, foarhinne hiene wy noait fakânsje. No kinne we alle kanten op.
Wy hâlde fan reizgjen en útgean. En dat kinne wy no noch dwaan, want wy binne beide noch sa sûn as in fiskje. En sûnens is it grutste besit fan 'e minske".

Skriuwer: Rinze S. Boersma

Agenda

Datum: maandag 01 apr 2024
Tijd: 14:30 - 15:45 uur
Senioren in beweging
Datum: woensdag 03 apr 2024
Tijd: 09:30 - 11:30 uur
Mei elkoar
Datum: maandag 08 apr 2024
Tijd: 14:30 - 15:45 uur
Senioren in beweging
Datum: woensdag 10 apr 2024
Tijd: 09:30 - 11:30 uur
Mei elkoar
Datum: maandag 15 apr 2024
Tijd: 14:30 - 15:45 uur
Senioren in beweging
Datum: woensdag 17 apr 2024
Tijd: 09:30 - 11:30 uur
Mei elkoar
Datum: zaterdag 20 apr 2024
Tijd: 20:00 - uur
Ladies Only Bingo
Datum: maandag 22 apr 2024
Tijd: 14:30 - 15:45 uur
Senioren in beweging
Datum: woensdag 24 apr 2024
Tijd: 09:30 - 11:30 uur
Mei elkoar
Datum: maandag 29 apr 2024
Tijd: 14:30 - 15:45 uur
Senioren in beweging
Datum: woensdag 01 mei 2024
Tijd: 09:30 - 11:30 uur
Mei elkoar
Datum: maandag 06 mei 2024
Tijd: 14:30 - 15:45 uur
Senioren in beweging
Datum: woensdag 08 mei 2024
Tijd: 09:30 - 11:30 uur
Mei elkoar
Datum: maandag 13 mei 2024
Tijd: 14:30 - 15:45 uur
Senioren in beweging
Datum: woensdag 15 mei 2024
Tijd: 09:30 - 11:30 uur
Mei elkoar

Uit de albums

Playbackshow Wê...

Zoeken